Letra Riedsel de Nynke Laverman

Letra de Riedsel

Nynke Laverman


Riedsel
Nynke Laverman
(0 votos)
Yn guon nachten wazemje alle wurden fan iensumens
Dize driuwt yn 'e holle om, wat falt der ek te sizzen
De stuollen leech bliuwe, de klok sûnder hope tikket
It sop stiet kâld op tafel, de tsiis heakket oan it knyft
Yn 'e fierte glidet de see oer wite kokkelbanken
In fiskersfrou begjint te waskjen
Dit hûs garret it stof fan in lang jier en ik fei it
Yn myn hannen en hoe te tinken oan nije leafde
Yn 'e fierte sjongt de see oer wite kokkelbanken
Wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin
It is gjin riedsel
Wat ik oan wurden foar dy sizze kin
Is net dat riedsel
Fan twa tegearre
En ik, ik wol wer sjonge op dizze keale ierde
It hûs in útbloeide blom, de doar in toarre beam
Wat is sterker as de hûd, wat is tearder as de hûd
Ik nim wat de see en it stof tegearre meitsje
En ik sil wer sjonge oer dat iene riedsel
Wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin
It is gjin riedsel
Wat ik oan wurden foar dy sizze kin
Is net dat riedsel
Fan twa tegearre
En ik wol wer sjonge oer dat riedsel
Fan twa tegearre


Comparte Riedsel! con tus amigos.


Que tal te parece Riedsel de Nynke Laverman?
Pesima
Mala
Regular
Buena
Excelente